Aquazoo wol troulokaasje wurde

© Omrop Fryslân
Bistetún Aquazoo by Ljouwert wol graach in offisjele troulokaasje wurde. De gemeente Ljouwert moat de kritearia foar troulokaasjes oanpasse om't der oant no ta net troud wurde mei yn de iepenloft. De gemeente sil no de kritearia oanpasse mei as betingst dat der by min waar ek in oerdekte lokaasje beskikber is.
Nei't de offisjele kritearia oanpast binne, kin Aquazoo oanwiisd wurde as troulokaasje.