Fallisemint Enna oanfrege

© Omrop Fryslân
It fakbûn CNV sil tongersdei it fallissemint oanfreegje fan spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum. Direkteur Andreas Trost hat de leanen fan novimber noch net útbetelle.
De 95 wurknimmers en it fakbûn binne der ek net fan oertsjûge dat it bedriuw yn lytsere foarm trochgean kin. Al twa jier lang binne de ferhâldings yn it bedriuw min. De wurknimmers ha gjin betrouwen yn de direksje. Dy wol 66 fan de 95 personielseden dien jaan.