Fertraging foar parkeargaraazje

© Omrop Fryslân
De oplevering fan de parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf rint seis wike fertraging op. Dat komt fan it argeologysk ûndersyk oan de terp. De oplevering is no op 15 novimber 2006.
Ferfelend foar de gemeente is dat dy tiisdei krekt fiif buorden ophong hat by de bouput, dêr't op stiet dat de garaazje 1 oktober klear is. Mar de fynsten by it tsjerkhôf binne sa ynteressant dat de garaazje noch even op him wachtsje lit.