Muorreboerd foar Boalsert

© Omrop Fryslân
In alde tradysje ûnder de alve Fryske stêden skriuwt foar dat in jubilearende stêd in muorreboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean krijt fan de boargemasters fan de gemeenten fan de oare 10 stêden.
Dit jier is Boalsert oan bar, de stêd fiert dit jier 550 jier stêdsrjochten. Boargemaster Vroegindewei krige tiisdei it boerd oerlange fan boargemaster Dales fan Ljouwert. De oare boargemasters wiene der ek by.