Kontrakt mei Akachar ûntbûn

14 des 2005 - 11:36

It kontrakt fan Cambuurspiler Jamal Akachar is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 ûntbûn. Akachar waard op 24 augustus fan dit jier op non-aktyf steld, omdat er him net hâlde oan de regels. Akachar kaam bygelyks te let foar wedstriden. Ek wegere er mei it twadde team fan Cambuur te fuotbaljen.

Der wie ek spul oer mei in lease-auto fan ´e club, dy´t Akachar net weromjaan woe. De arbitraazjekommisje fan ´e KNVB hat Cambuur no yn it gelyk steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)