Mislediging: opnij oanjefte

14 des 2005 - 11:27

Ald-ynspekteur Sjoerd Hoekstra fan de bistebeskerming hat op 'e nij tsjin in boer oanjefte dien fanwege mislediging. It giet om feehâlder Thom de Groot fan Grou. De Groot hat Hoekstra yn in krante-artikel fergelike mei in offisier fan de SS. Earder al wie der oanklacht tsjin boer Mast út Aldlemmer. Mast makke Hoekstra foar Omrop Fryslân tillevyzje út foar nazi.

Justysje ûndersiket oft De Groot ferfolge wurde sil of net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)