Speerstra ferlit Friese Pers

14 des 2005 - 11:23

Skriuwer Hylke Speerstra giet by de Friese Pers Boekerij wei. De âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante fynt de omjouwing net mear ynspirerearjend genôch. Syn nijste boek sil útjûn wurde by Bornmeer.

Bornmeer sil fusearje mei de útjouwerij fan boekenhandler Steven Sterk. Speerstra hat hege ferwachtings fan 'e gearwurking. It nijste boek fan Speerstra oer it agraryske libben yn Fryslân komt yn juny út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)