Gjin grutte supermerk Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Der komt foarearst gjin grutte supermerk oan de Sjaardemastrjitte yn Frjentsjer. De gemeente wie mei in projektûntwikkelder dwaande om dêr ien, mar leaver noch mear supermerken en in parkearterrein oan te lizzen, yn kombinaasje mei wentebou.
De supermerk dy't no op dat plak sit, woe earst wol yn de plannen meidwaan, mar sjocht dêr no fanôf. De winkel wol sitten bliuwe yn it besteande pân en hat gjin ferlet mear fan nijbou.