Fraachtekens by stjergefal MCL

© Omrop Fryslân
It Forensysk Ynstituut yn Rijswijk hat noch fragen oer de dea fan de 63-jierrige Ton van Lieshout út Damwâld. Yn septimber ferstoar er in it MCL yn Ljouwert nei swiere mishanneling yn syn wente. Krekt it oandiel fan it sikehûs moat ûndersocht wurde.
De Damwâldster lei net op de intensive care en hy soe net yn libbensgefaar wêze, sa krigen syn freonen te hearren. Van Lieshout soe mishannele wêze omdat er pedofyl wêze soe.