Oanhâldings fanwege drugs

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn de Hobbemastrjitte yn Ljouwert trije minsken oanhâlden dy't harren fertocht gedroegen. It giet om manlju fan 19, 20 en 55 jier. De plysje seach twa fan harren by de tredden yn de auto stappen en fertroude it net.
Bliken die dat de manlju jild en drugs by harren hiene. Ek trof de plysje spul oan foar it ôfweagjen en ferhandeljen fan drugs en in izeren staaf. De fertochten binne meinommen nei it buro.