Twaspjalt oer nije wethâlder

© Omrop Fryslân
De ried fan Littenseradiel wol net no al geskikte wethâlders sykje dy't net bûn binne oan in bepaalde partij. Mei it dualisme hoege wethâlders net mear perfoarst út de partijen te kommen dy't it kolleezje fan B en W foarmje. Der kin ek socht wurde nei oare goede bestjoerders.
De PvdA wol dat no al dwaan, want dan is der genôch tiid foar de kommende gemeenteriedsferkiezings. De ried wiist it plan lykwols ôf.