125 tsiisfetten stellen

© Omrop Fryslân
By in bedriuw oan de Poolsterwei yn Ljouwert binne in grut tal tsiisfetten stellen. It giet om 125 metalen eksimplaren dy't yn in stellaazje bûtendoar stiene.
De dieven hiene it stek achter it bedriuw fernield om op it terrein te kommen. It hingslot wie ferbûgd. De totaal skea bedraacht 6000 euro. In 36-jierrige man út Droegeham hat oanjefte dien.