Yn 2006 mear blau op strjitte

© Omrop Fryslân
Troch in reorganisaasje by de plysje Fryslân komme der fan jannewaris ôf 28 plysjes mear op strjitte. Dat sei korpssjef Wagenaar moandei by de presintaasje fan de santjin nije teamsjefs. Dy teamsjefs ferfange de distrikts- en groepssjefs fan no.
Fryslân bestiet aanst út alve plysjegebieten, dy't troch in teamsjef oanstjoerd wurde. De oaren jouwe lieding oan trije opspoaringsteams en trije stypjende teams.