Jong Hearrenfean wint

13 des 2005 - 09:50

Jong Hearrenfean wûn moandei mei 2-0 fan jong Vitesse. De thúsploech wie folle better, mar it wie dreech om de doelpunten te meitsjen. Sebastiaan Steur yn de 42ste minút en Niklas Tarvajärvi - krekt foar it skoft - soargen foar de 2-0 einstân.

Jong Hearrenfean stiet no op in dield twadde plak mei 24 punten út 12 wedstriden, likefolle as jong AZ. Jong Utrecht is koprinner mei 28 punten út 12 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)