Fiif kandidaten ferdûbeling dyk

13 des 2005 - 09:31

Der binne fiif oannimmers selektearre foar de oanlis fan de nije fjouwerbaansdyk tusken Harns en Surch. Dy seleksje is al dien foardat bekend wie hoe't it trasee fan de dyk krekt rinne sil. Dêrtroch is de dyk in healjier earder klear as oars it gefal wie. De dyk moat der ein 2008 lizze.

De fiif oannimmers moatte úterlik maart 2006 in plan foar de oanlis fan de dyk yntsjinne hawwe. By de fiif sitte ek Fryske bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)