Ekstra jild fly-over de Jouwer

© Omrop Fryslân
Minister Peijs stelt seis miljoen euro ekstra beskikber foar de oanlis fan in fly-over by de rotonde fan de Jouwer. Dat waard moandei bekend by in gearkomste yn de Twadde Keamer oer de ynfrastruktuer yn Nederlân. Mei de seis miljoen fan de minister soe der genôch jild wêze om de fly-over oan te lizzen.
De minister wol gjin ekstra jild jaan foar paralleldiken by de rotonde. Dat moatte de gemeente Skarsterlân en de provinsje sels betelje.