Fries konsjerzje fan 2005

13 des 2005 - 09:21

Germ van der Sluis út Drachten is sneintejûn keazen ta konsjerzje fan 2005. Dat gebeurde yn it NCRV radioprogramma BuZz. Van der Sluis wurket op skoalmienskip Liudger yn Drachten. Hy hat in ûnderskieding, in nije fyts en konsertkaartsjes wûn.

Der diene 500 konserzjes mei oan de striid om de titel. De finale gie tusken trije kandidaten. Dêr wie noch in Fries by: Inne Bilker fan it Dockinga College.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)