Trettjin tbc-besmettings Harns

© Omrop Fryslân
It ûndersyk fan sûnenstsjinst GGD Fryslân nei tbc-besmetting troch in 43-jierrige frou út Harns hat trettjin besmette persoanen opsmiten. Ien dêrfan is sels ek siik. Alle trettjin hawwe medisinen krigen.
Yn novimber waard iepen tbc konstatearre by de frou. De ferskynsels fan tbc lykje yn it earste stadium faak op gryp, letter folget in longûntstekking. Fan in besmetting fernimt men yn earste ynstânsje neat.