Brânwacht Ljouwert bliid mei CAO

13 des 2005 - 09:01

De brânwacht fan Ljouwert is posityf oer it nije akkoart dat der leit oer har CAO. Dat die moandeitemoarn bliken by in byienkomst yn de kazerne. It nije akkoart betsjut dat brânwachten net mear nei tweintich jier in oare baan hoege te sykjen, omdat se ferplicht by de brânwacht wei moatte.

Freedtemoarn fierden de brânwachten noch aksje tsjin de âlde regeling op de ynfalsdiken nei Ljouwert. Ek op oare plakken waarden aksjes hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)