Den Bosch te sterk foar Cambuur

13 des 2005 - 00:00

Cambuur hat moandei de wedstryd tsjin FC Den Bosch ferlern. It waard yn Den Bosch 2-0. Beekman sette Den Bosch yn de earste helte op foarsprong. Buikema makke nei it skoft de 2-0. Cambuur stiet no op it 18e plak yn de Earste Divyzje.

De wedstryd tusken Den Bosch en Cambuur stie foar 25 novimber ek al op it programma. Dy gie doe net troch, omdat der yn grutte parten fan it lân nochal wat snie lei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)