Fernieling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht twa ynwenners fan Ljouwert, 22 en 16 jier, oanhâlden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Om 02.00 oere wie der in melding fan in fjochtpartij op de Jan van Scorelstrjitte.
It die bliken dat in groep jongeren de doar fernield hie fan in hoarekabedriuw. Dêr wie in besletten feest. Letter smiet de groep ek noch stiennen tsjin de ruten fan it bedriuw.