Man (20) twa kear oanhâlden

12 des 2005 - 21:45

De plysje hat snein in 20-jierrige man út Kollumersweach oant twa kear ta oanhâlden. Om 03.00 waard de man oanhâlden troch de plysje en die bliken dat er te folle drank op hie.

Hy krige in rydferbod, mar letter stapte de man dochs wer yn de auto. De plysje woe de man tsjinhâlde en sette in plysje-auto dwers op de dyk. De man ried lykwols mei folle faasje op de plysje-auto yn. Hy is letter oanhâlden yn syn wenplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)