Foarmbehâld Glas yn 4-mansbob

12 des 2005 - 12:45

Arend Glas hat snein yn Igls by de Wrâldbekerwedstriden bobslydzjen foarmbehâld sjen litten foar de Olympyske Spullen yn Turijn. De âld-ynwenner fan De Jouwer die dat yn de fjouwermansbob.

De fjouwermansbobslide hie earder al foldien oan de kwalifikaasjenoarm. Mei it 13e plak op de list fersekere Glas him snein fan in olympysk optreden yn febrewaris. Yn de twamansbob hat Glas noch net foldien oan de noarm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)