Oerfal op winkel yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In winkel yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert is sneontemoarn oerfallen troch in man mei in fjoerwapen. De man gong de saak binnen en frege de winkelmeiwurker om in flesse drank. Doe't dy de flesse op de toanbank sette, seach er dat de klant in fjoerwapen yn 'e hân hie.
De meiwurker joech him in bedrach út de kassa. De oerfaller naaide doe út. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de identiteit fan de dieder.