Winst en ferlies yn haadklasse

11 des 2005 - 17:29

Snits hat snein yn in minne wedstriid mei 2-1 wûn fan Rohda Raalte. Wiebren Visser sette de Snitsers yn de 35e minút op foarsprong. Rohda makke foar it skoft de lykmakker. Yn de 77e minút makke Dennis Schat it winnende doelpunt.

De Jouwer ferlear yn Grins mei 3-1 fan Be Quick. De Jousters kamen yn it begjin fan de wedstriid op in 1-0 efterstân. Yn de 89e minút makke Fries Minnema de lykmakker. Yn blessueretiid makke Be Quick noch twa doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)