Berôving yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige Ljouwerter is sneontemiddei berôve fan syn fyts. Hy ried op de Insulindestrjitte by it Cambuurstadion doe't er roppen waard troch in ûnbekende man. Tagelyk pakte de man syn fyts beet.
Dêrnei foelen der in pear klappen. De man naaide doe mei de fyts fan it slachtoffer út yn de rjochting fan it sintrum. De dieder is in man fan likernôch 20 jier mei in licht kleurde hûd en hiphop-klean oan.