Ynbraak yn wenning Frjentsjer

11 des 2005 - 15:11

Yn in wenning oan de P.J. Troelstrastrjitte yn Frjentsjer is sneontejûn ynbrutsen. De bewenster, in 26-jierrige frou, hearde de bel en gong nei de foardoar. Se seach lykwols net ien.

Se hearde wol leven yn de keuken. Doe't se dêr hinne rûn, seach se in jonge man útnaaien. Ut in keukenlaad wie in beurs mei paskes en wat lytsjild stellen. De plysje is noch op syk nei de dieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)