FF slút Hongaarske festiging

11 des 2005 - 12:07

Suvelkonsern Friesland Foods slút ien fan 'e Hongaarske fabriken, omdat it de konkurrinsje mei oare suvelbedriuwen yn dat lân net oan kin. It fabryk yn Bekeskaca giet op 1 maart ticht en goed 116 wurknimmers ferlieze harren baan.

Nei de oansluting fan Hongarije by de EU is de konkurrinsje foar Friesland Foods bot tanommen. Friesland Foods hat no noch fjouwer oare molkfabriken yn Hongarije. Dêr wurdt 350 miljoen liter molke yn it jier ferwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)