ONS Snits wint fan Be Quick

© Omrop Fryslân
ONS Snits wûn sneon op eigen fjild mei 2-0 fan Be Quick '28 út Zwolle. De Snitsers kamen yn de 34e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Albert Jan van Zwol. Yn de twadde helte sette Nico de Jong de 2-0 op it skoareboerd.
Harkemase Boys wûn sneon fan WHC. De Harekiten wûnen yn Wezep mei 5-1. Drachtster Boys gong op eigen fjild mei 2-1 ûnderút tsjin Genemuiden.