Masinebankwurkers yn finale

© Omrop Fryslân
Masinebankwurkers Christian Bil út Boarnburgum en Stefan Ernens út Drachten dogge yn maart takom jier oan de finale fan de nasjonale beroppewedstriid Vakkanjers. De twa technyk meiwurkers fan Philips kamen freed yn Hurderwijk troch de seleksje.
Vakkanjers is in beroppewedstriid foar talintefolle MBO'ers dy't yn baan hawwe yn de metaal- en elektrosektor. De wedstriid hat dit jier 225 dielnimmers.