Bysûndere dei foar Lutz Jacobi

17 mrt 2012 - 15:23
  • Lutz Jacobi

Ek al ferlear se de ferkiezings ta partijlieder fan de PvdA, it wie freed dochs in bysûndere dei foar Frysk parlemintariër Lutz Jacobi fan Wergea. Omrop Fryslân folge har de hiele dei by har optreden yn it sintrum fan it politike striidtoaniel.

Ald-Ljouwerter Diederik Samsom krige úteinlik de measte stimmen. Jacobi bedarre fan de fiif kandidaten op it lêste plak. Sneon is Samsom op it partijkongres fan de PvdA yn Rotterdam wolkom hiten as nije lieder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)