Gjin ekstra opliedingsjild

© Omrop Fryslân
Masters en juffen fan de pjutteboartersplakken yn Fryslân krije gjin ekstra opliedings. Dat komt omdat it Ryk dêr gjin Europeeske subsydzje foar útlûke wol. Der wie om ekstra opliedingsjild frege omdat de easken foar it wurk op pjutteboartersplakken hieltyd heger wurde. It kabinet hat no lykwols besletten dat subsydzjeoanfragen dy't letter yntsjinne binne as 28 oktober, net mear yn behanneling nommen wurde.