Beslach op kij opheft

© Omrop Fryslân
It beslach op de 15 kampioenskij fan boer Tiede van der Ploeg fan Wergea is opheft. Dat hat de rjochtbank bepaald. In sakerelaasje fan Van der Ploeg hie woansdei beslach lizze litten, omdat er noch 100.000 euro tegoede hie. Van der Ploeg en syn sakerelaasje hiene dêr skeel oer. Van der Ploeg moat dat no wol betelje, fynt de rjochter. De boer yn Wergea koe woansdei foarkomme dat it fee ek meinommen waard troch in doarwarder.