Trije ferwûnen ûngelok Westerein

09 des 2005 - 18:02

By in oanriding op de Westerein binne tongersdei trije minsken ferwûne rekke. In 81-jierrige man fan Kollumersweach ried oer de Industrywei en woe op in krusing nei rjochts. Hy joech gjin foarrang oan in 47-jierrige man út Twizelerheide dy't rjochttroch woe. De man moast op de rem, mar waard dêrby fan achteren oanriden troch in auto.

De 81-jierrige man en syn frou rekken ferwûne en ek de bestjoerder fan de twadde auto rûn ferwûnings op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)