Noed oer takomst SGP

© Omrop Fryslân
Steatelid Otto van der Galiën fan de SGP makket him grutte soargen oer de takomst fan syn partij. De partij driget ten ûnder te gean oan ûnderlinge reboelje oer de posysje fan de frou. Twa wike lynt bruts de ChristenUnie yn de gemeente Achtkarspelen bygelyks al mei de SGP.
Steatelid Otto van der Galiën ropt Twadde Keamer-fraksjefoarsitter Van der Vlies op om de ienheid yn de partij wer werom te krijen.