Brânwacht Ljouwert fiert aksje

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Ljouwert hat freedtemoarn aksje fierd. Op de wichtichste ynfalsdiken fan de stêd waard tusken sân en acht oere stadich riden mei ljedderweinen en oar materieel. Troch de aksje ûntstienen lange files nei de stêd ta, yn de stêd sels wie it rêstich.
Mei de aksje protestearret de brânwacht Ljouwert tsjin de nije CAO, dy't de fakbûnen ôfsletten hawwe mei de Vereniging van Nederlandse Gemeenten.