Twa kear brân yn hinnehok

17 mrt 2012 - 15:06

In hinnehok oan de Klaverweide yn Drachten is freedtenacht oant twa kear ta yn de brân set. Om kertier oer twaën stie it houten hok achter in leechsteande wenning foar it earst yn de brân. De bewenners fan de neistlizzende wenning moasten harren hûs tydlik út. De brânwacht hie it fjoer gau út.

In heal oere letter stie it hinnehok op 'e nij yn 'e brân. Ek ditkear gie it neffens de plysje om brânstifting. De brânwacht hat it fjoer wer útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)