Wenningbrân yn Gerkeskleaster

© Omrop Fryslân
By in brân yn Gerkeskleaster is tongersdei in wenhûs oan Het Singel foar in grut part ferlern gong. De brân ûntstie op 'e neimiddei yn de keuken fan it hûs, wêrtroch is noch net bekend. By de brân rekke nimmen ferwûne.
Om de brân te blussen waarden de brânwachtkorpsen fan Bûtenpost, Surhusterfean en Dongeradiel ynset. Dy brûkten ûnder oare in heechwurker. Neistlizzende hûzen rûnen gjin skea op.