Follybalsters Snits ferlieze wer

© Omrop Fryslân
De follybalsters fan Snits ha tongersdeitejûn mei 3-0 ferlern fan Martinus út Amstelveen. De setstannen wiene 25-20, 25-16 en 25-8. De froulju fan trainer Olof van der Meulen diene it yn de earste twa sets goed. Mar yn de trêdde set kamen se der net mear oan te pas.
Snits bliuwt troch it ferlies stiif op it lêste plak stean mei 2 punten út 8 wedstriden. Kommende sneon spilet Snits tsjin Arke/Pollux út Oldenzaal.