Ponton ferliest skipsûnderdielen

09 des 2005 - 07:54

Op it Prinses Margrietkanaal by Burgum hat in ponton tongersdeitemiddei trije grutte ûnderdielen fan in seeskip ferlern. It 50-meter lange ponton wie ûnderweis fan Grins nei de Lemmer. By Burgum kaam it ponton skeef te hingjen wêrnei de skipsdielen der ôf gliden.

Yn de rin fan de middei is der in bok nei it plak fearn dêr't de skipsdielen lizze. Mei dat bok wurdt besocht se wer út it wetter te takeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)