2 jier ekstra sel yn heger berop

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige man út Ljouwert, dy't in selstraf fan 12 jier krigen hat foar syn oandiel yn de moard op merkkeapman Libbe de Jong út Wolvegea, moat noch twa jier ekstra achter de tralies. Dat fynt it iepenbier ministearje.
Yn it gerjochtshôf yn Ljouwert waard tongersdeitemoarn it heger berop behannele dat de man tsjin syn straf yntsjinne hat. De man sels fynt krekt dat er minder lang as tolve jier de sel yn hoecht.