FRL-Post jout 20 minsken dien

© Omrop Fryslân
Tweintich wurknimmers fan it Fryske Postbedriuw FRL-Post krije mei yngong fan 1 jannewaris dien. It giet om de sjaufeurs dy't op it stuit it Frysk Deiblêd en in diel fan de Ljouwerter Krante besoargje.
Mei yngong fan 1 jannewaris sil it bedriuw beide opdrachtjouwers kwytreitsje en dermei is der gjin plak mear foar de sjauffeurs. By FRL-post wurkje no sa'n 70 minsken.