Woonpalet sil fusearje

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasje Woonpalet yn Ljouwert sil fusearje mei de lanlik operearjende stichting Habion. Dêrfoar hawwe beide partijen woansdei in oerienkomst ûndertekene. De gearwurking sil op 1 jannewaris syn beslach krije.
Woonpalet hat 5 wen-soarch-sintra en 500 senioarewenten yn Ljouwert en omkriten. Nei de fúzje gean de gebouwen oer nei Habion. De fúzje hat as doel mear en bettere húsfesting foar âlderein oanbiede te kinnen.