Priis wetterboartersplak

08 des 2005 - 14:43

It wetterboartersplak oan de Potmarge yn Ljouwert hat in lanlike priis wûn fan it Ryk. De Ljouwerter ynstjoering is ien fan de fiif priiswinners fan de 43 ynstjoerings foar 'bernfreonlike projekten yn 'e iepenbiere romte'.

De gemeente Ljouwert kriget de priis yn jannewaris út hannen fan minister Sybilla Dekker fan VROM. It boartersplak bestiet út ferskate klimtastellen yn en om ii ûndjippe fiver by it rivierke De Potmarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)