Oerfaller mooglik ûntsnapte boef

08 des 2005 - 13:37

De man dy't socht wurdt foar de oerfal op in winkel oan it Raadhuisplein yn Drachten, op tiisdei 6 desimber, is mooglik in ûntsnapte krimineel. De 16- jierrige Antonio Marcus Ploeg wurdt derfan fertocht dat hy belutsen wie by de oerfal.

Ploeg is 19 novimber fuortrûn by in begelaat ferlof yn Grins. Hy siet fêst yn Het Poortje yn Feanhuzen. De plysje ropt getugen op har te melden op telefoannûmer 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)