Gefaarlike krusing Surhústerfean

© Omrop Fryslân
It CDA yn Achtkarspelen fynt dat der wat dien wurde moat oan de krusing Groningerstraat Molenweg Warreboslaan yn Surhusterfean. Neffens de partij is de krusing gefaarlik foar fytsers om oer te stekken.
Net allinne it CDA makket him soargen, ek pleatslik belang fan Surhústerfean en omwenners fan de krusing fine de sitewaasje gefaarlik. It CDA sil tongersdeitejûn yn 'e riedsgearkomste fragen stelle oer de krusing.