Twaspjalt oer parkearplan Dokkum

© Omrop Fryslân
It CDA yn de gemeente Dongeradiel is teloarsteld yn de plannen fan B&W foar it parkearen op De Merk yn Dokkum. De partij wol in heal-ûndergrûnse parkeargaraazje, mar it kolleezje is it dêr net mei iens. It is te djoer en sa'n heal-ûndergrûnse parkeargaraazje soe it sicht op de gebouwen yn de omkriten benimme.
Fanwege eardere graafwurksemheden kin de nije garaazje net hielendal de grûn yn.