Provinsje rint subsydzje mis

08 des 2005 - 12:14

De provinsje is by de oanlis fan in nij krúspunt en fytstunnel by Aldeholtpea 6 euroton oan Europeeske subsydzje misrûn. De subsydzje-oanfraach waard te let ynlevere omdat it oerlis mei de gemeente Weststellingwerf langer duorre as earder pland.

Weststellingwerf hie leaver in rotonde yn de trochgeande dyk fan Wolvegea en Easterwâlde. Uteinlik hat de gemeente ek net meibetelle oan it definitive plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)