CDA: mear witte oer ûnderwiis

© Omrop Fryslân
It CDA yn Skarsterlân wol noch mear ynsjoch hawwe yn de gong fan saken by it iepenbier ûnderwiis yn de gemeente. Dat hat de partij woansdei dúdlik makke yn de riedskommisje.
Dêr waard nei oanlieding fan eardere fragen fan it CDA in presintaasje jûn oer de kwaliteit fan it iepenbier ûnderwiis. Neffens wethâlder Van Beek is de kwaliteit goed, mar it CDA wol mear witte oer de fisy fan it iepenbier ûnderwiis.