Unrêst by Friesland Bank

06 des 2005 - 15:45

Der is ûnrest by it personeel fan de Friesland Bank oer de takomst. Tiisdei presintearret de bank de plannen foar de takomst yn de Harmonie yn Ljouwert. Alle 1000 personeelsleden fan de bank binne útnoege. Oft der minsken út moatte, is net bekend. De direksje wol noch neat sizze.

De fakbûnen prate nije wike mei de ûndernimmingsried en de direksje fan de bank. It CNV hat allinne sinjalen fan ûnrêst ûnder it personeel krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)